Groot Hermana
Grinzen…..
It is d’r dochs fan kommen ,
De oerheit hat it wûn .
In stikje fruchtber Barradiel ,
Is samar Biltske grûn .
De measten sille it net fernimme ,
Barradiel wie al sa âld .
En altydoan mar dat feroarjen ,
Liet de measte minsken kâld .
As men goed en knap fertsjinnet ,
It wiet en droech krijt op syn tiid .
Hat men net safolle easken ,
En freget men ek net om striid .
De inkeling lit him net liede ,
Dy hâldt noch fêst oan it ferline .
Al it nije fan de tiid ,
Dat kin him ek net bine .
Dat die bliken op é buorren ,
Yn it doarpke Minnertgea .
Dêr wie in wyfke sa pûrrazend ,
Sa hearre Jo it nea .
Dêr stie in mânske fiskekarre ,
Op é âlde dimpte feart .
De keapman wie in fleurich baaske ,
In mûltsje , Jo ha it noait sa heard .
Dy sei , mefrou , wat mot it wore ,
Bakte herrings of ut ‘t suur .
Jou kinne hier fan alles krije ,
Foor in prieske , niet te duur .
It kribbich minske sei fuortdaliks ,
Kinne Jo it Frysk net mear .
De skieding fan us âld gemeente ,
Docht us noch sa sear .
Ja mefrou , dat kin wel weze ,
Maar ut ferleden hewwy had .
Jou motte nou met ons as Bilkers ,
Met syn mooie taal op pad .
It minske lilk en sa ferskuorrend ,
Makke daliks rjochtsomkeart .
It mantsje moast d ‘r wol om gnize ,
Yn syn karre op é feart .
It kin yn ’t libben frjemd beteare ,
Men hat fan folle talen heard ,
Mar de measte boerske minsken ,
Ha it Biltsk dan ek net leard .
Tsjommearum, foarmoanne 1984 .
J.H.W.